Koereur Nyck de Vries fjirde yn kwalifikaasje Formule 2 yn Italië

06 sep 2019 - 18:46

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is freedtemiddei fjirde wurden yn de kwalifikaasje foar de Formule 2-race yn Italië. De 24-jierrige De Vries die dat op in wiete baan yn Monza.

Foto: www.orangepictures.nl

Callum Ilott út Grut-Brittannië wie de rapste yn de kwalifikaasje, folge troch Guanyu Zhou út Sina en Nikita Mazepin út Ruslân. De grutte konkurrint fan De Vries yn it kampioenskip, de Kanadees Nicholas Latifi, kwalifisearre him as sande.

De koereurs yn de Formule 2 ride dit wykein twa races op it sirkwy fan Monza. Sneontemiddei de race en sneintemiddei de sprintrace.

Ferline wike waard de Formule 2 opskrikt troch it deadlike ûngelok fan Anthoine Hubert fan Frankryk op it sirkwy fan Francorchamps yn België. De earste race fan dat wykein waard dêrtroch ôfbrutsen en de twadde gie net troch.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries Monza
(Advertinsje)
(Advertinsje)