Fryske byldhouwer Pier Pander betocht op hûndertste stjerdei

06 sep 2019 - 18:31

Yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert en it Pier Pander Museum stiene minsken freed stil by de hûndertste stjerdei fan de Fryske byldhouwer Pier Pander. Op 6 septimber 2019 wie it eksakt in iuw lyn dat Pander ferstoar.

Pier Pander waard yn 1864 yn Drachten berne as soan fan in skipper. Syn keunstich houtsnijwurk foel al gau op en hy groeide út ta ien fan de ferneamdste Nederlânske keunstners fan syn tiid. Pander wenne it grutste part fan syn libben yn Rome, dêr't hy op 55-jierrige leeftiid de sykte tuberkuloaze net oerlibbe.

Nei de keunstakademy yn Parys, waard Pander ynfalide. Dochs waard hy in suksesfol byldhouwer. Doe't hy 21 jier wie, wûn hy de belangrike priis Prix de Rome.

Tempeltsje fan Pier Pander - Foto: Omrop Fryslân

Pander krige in soad opdrachten foar portretten, ûnder oare fan it keninklik hûs. It portret fan keningin Wilhelmina op de gûne is fan him. Syn libbenswurk, in byldegroep fan fiif manlju yn in timpel, stiet sûnt 1924 yn de Ljouwerter Prinsetún.

Jankobus Seunnenga sjongt gedichten op muzyk - Foto: Ronnie Porte

Op de betinking yn Ljouwert wienen sa'n fyftich minsken om stil te stean by de hûndertste stjerdei fan Pander. Professor Marcel Broersma, biograaf, fertelde oer de erfenis fan Pander. De keunstner wie de earste Nederlanner mei in eigen museum troch 'tûk neilittenskip', seit Broersma. It museum is fan 1954.

Jankobus Seunnenga song yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert gedichten op muzyk en Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja droech in gedicht op oan Pier Pander: De bûtenkant is de oare kant.

Trefwurden: 
Ljouwert Pier Pander stjerdei
(Advertinsje)
(Advertinsje)