Natuermuseum en Dbieb slaan hannen ynien om bern oer greidefûgels te learen

06 sep 2019 - 17:58

Natuermuseum Fryslân en biblioteek Dbieb slaan de hannen ynien foar greidefûgels. Takom jier reizget der in 'mobyl museum' by alle fêstigingen fan Dbieb yn Ljouwert en Tytsjerksteradiel del om bern wat by te bringen oer greidefûgels. Natuermuseum Fryslân hat dêrfoar in spesjale in museumpylder makke.

Foto: Dbieb

It begruttet de organisaasjes dat der in soad bern âld wurde sûnder it lûd fan greidefûgels te kennen. Bern witte net hoe't se derút sjogge, hoe't se hjitte en wêrom se wichtich binne foar de natuer. Dêrom komt de museumpylder der. Ek komt der in spesjale workshop op 22 septimber: 'Skrik de skriis.' Dêrmei sjogge bern yn it jier 2050 en ûntdekke se dat der gjin skriezen, ljippen en wylpen mear binne.

De museumpylder reizget by Burgum, Grou, Gytsjerk, Hurdegraryp en Stiens del. Op dit stuit stiet de pylder yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)