Praatsjes op De Piip binne útkaam: oer de fynst fan de iuwenâlde trep yn Kollum

Der wiene wol wat geroften dat der wat ûnder de grûn sitte soe, mar dit wie in grutte ferrassing: in iuwenâlde trep nei de finzenis en it âlde rjochthûs fan Kollum kaam achter in laach stien wei. De fynst is dien by de wurksumheden oan de Djipswallen yn it doarp. Jakob Bosma is arsjitekt en belutsen by it rekonstruksjewurk oan de feart. Hy neamt it in bysûndere fynst foar in doarp as Kollum.
Iuwenâlde stiennen trep Kollum
"We hiene it net hielendal ferwachte, mar op âlde kaarten fan dit plak kinst yn details in foarm fan in rûnbôge sjen. We tochten: 'hee, dêr soene âlde kelders west hawwe kind, krekt sa as yn Ljouwert'", fertelt Bosma. Yn Ljouwert kinst op kadenivo ûnder by de kelders komme. "Mar dit hiene we net mear tocht, dat der safolle bewarre bleaun wie."
De trep komt ûnder it wetterpeil fan de feart, om't it wetter yn de feart faak fan peil feroare. De feart wie in hannelsrûte fan Grins nei Ljouwert en kaam út by de Lauwerssee. "De trep waard foaral brûkt troch formele minsken, dy't sa maklik út harren boatsje stappe koene", fertelt Bosma.
Dat der oanwizingen wiene fan ûndergrûnske gongen, wie net allinnich bekend troch de âlde kaart. "De Piip, de brêge op de Foarstrjitte, is ek altyd wol in plak dêr't in protte minsken út it doarp komme om te praten. Se sizze altyd 'wat der op de Piip sein wurdt, moast net leauwe', mar der wie altyd wol praat fan dat der noch ûndergrûnske gongen wiene fan it rjochthûs."
Bosma hat plannen makke om de trep foarearst wer sichtber te meitsjen. "We wolle de rûnbôge werom komme litte yn it mitselwurk en der komme iken doarren foar, sadat minsken sjen kinne dat hjir in trep sitten hat." Bosma hopet op de lange termyn dat de trep sichtber wurdt as monumint. "Dat soe ik no ek wol wolle, mar dan moat der wol in finansjele oplossing komme."
Arsjitekt Jakob Bosma oer de fynst fan de trep