Glêsfezel yn De Fryske Marren: 31 doarpen wol, 2 kearnen net

De kampanje foar glêsfezel yn it bûtengebiet fan gemeente De Fryske Marren is ôfsletten: 31 doarpen krije glêsfezel en 2 kearnen net. Der wiene al 24 doarpen wis fan de komst fan glêsfezel, dêr binne no noch 7 bykaam troch it ferlingjen fan de kampanje. Inkeld fan de stêd Sleat en it doarp Aldemardum binne net genôch oanmeldingen binnenkaam.
© DFMopGlas
De sân doarpen dy't no ek glêsfezel krije, binne Ychtenbrêge, Langwar, Terherne en grutte parten fan Bakhuzen, Aldehaske, Sint-Jânsgea en Sint-Nyk.

Tefreden

Nettsjinsteande dat it net slagge is Sleat en Aldemardum derby te krijen, binne de inisjatyfnimmers fan DFMopGlas (De Fryske Mienskip op Glas) tefreden. "Graag hadden we iedereen aangesloten op het netwerk, maar niet overal bleek er voldoende interesse te zijn. Mocht dat beeld in de toekomst anders worden, dan kan de coöperatie wellicht alsnog een oplossing bieden," dat jouwe Jaap Bosma en Anja Rombout oan.