Meldkeamers ûnder de maat: ûnderbesetting en ferâldere ICT

06 sep 2019 - 16:42

De regionale meldkeamers foar 112-needroppen, wêrûnder dy yn Drachten, hawwe harren saken net op oarder. Se hawwe te min personiel en harren ICT is bot ferâldere. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Inspectie Justitie en Veiligheid en it Agentschap Telecom.

Foto: Bauke Deelstra, Omrop Fryslân

Neffens de ynspeksje hawwe alle sintrales te krijen mei ûnderbesetting. Foar it oanwêzige persoaniel is de wurkdruk te heech en op it mêd fan ICT stean de meldkeamers stil, sa seit de ynspeksje.

De meldkeamer yn Drachten woe freedtemiddei net reagearje op it rapport. Minister Grapperhaus fan Justysje sil yn petear mei de plysje, de feilichheidsregio's en de ambulânsesoarch oer hoe't it no fierder moat mei de meldkeamers.

Trefwurden: 
Drachten ynspeksje meldkeamer
(Advertinsje)
(Advertinsje)