Skorsing Drent en Van der Veen troch KNKB bliuwt stean: "Ik ben er klaar mee"

06 sep 2019 - 16:21

Keatsers Dylan Drent en Johannes van der Veen bliuwe foar twa wedstriden skorst. De beide manlju wiene yn berop gien tsjin de straf fan de KNKB, mar de beropskommisje lit dy straf stean. Drent en Van der Veen binne straft om't se meidiene oan in strjittekearspartij, wylst se neffens de KNKB-regels meidwaan moasten oan in troch-inoar-lotsjen-partij yn Easterein.

Dylan Drent - Foto: Omrop Fryslân, Geart van Tuinen

De straf giet yn fan 14 septimber ôf. Dat betsjut dat de beide manlju takom wykein noch wol keatse meie yn Marsum, mar dat dy partij harren lêste is fan dit seizoen. De Aldehoupartij op snein 15 septimber moatte se oan harren foarby gean litte. Dat is de lêste wedstriid fan dit seizoen.

It betsjut dat se ek de earste partij fan it nije seizoen, de ôfdielingswedstriid yn Weidum, misse moatte.

"Ik ben er klaar mee"

Dylan Drent hat him earder al útsprutsen oer de straf en dêr bliuwt hy by. "Het is zonde. Het is voor de PC gebeurd en dan moet je zolang wachten op de uitspraak. En dan krijg je het ook nog eens via social media te horen. Ik ben er klaar mee. Als je wordt veroordeeld door de rechter, hoor je dat toch ook van de rechter en niet via social media?", freget Drent him ôf.

Hy fynt it spitich dat er de Aldehoupartij misse moat. "Ik als Harlinger heb toch geen afdelingspartuur, dus dat ik Weidum mis is niet zo erg. Maar de Oldehovepartij heeft mooie prijzen en het is de allerlaatste wedstrijd van het seizoen. Dan sluit je met zijn allen af. Dat is leuk. Maar als ik niet kaats, ga ik er ook niet naar toe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)