Auto slacht oer de kop op Wâldwei by De Pein

De helptsjinsten moasten freedtemiddei yn aksje komme foar in autoûngelok op de N31 by De Pein. Troch ûnbekende oarsaak rekke de bestjoerster de macht oer it stjoer kwyt en bedarre mei har auto op de kop yn in sleat neist de dyk. De frou rekke ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs.
© Srfotografie
Nei it ûngelok hat de plysje ien rydstrook ôfsletten foar it ferkear, hjirtroch ûntstie der in lytse file rjochting Drachten.
In berger hat de auto fuorthelle. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.