FIDEO: Wenje op de Ofslútdyk, in ‘goddelijk plekje’

Frans Houtman en syn frou Marijke wenje sûnt oardel jier yn ien fan de huzen neist de neist de slûs fan Koarnwertsân. De ynternetferbining is min en se betelje harren skeel oan propaangas, mar dochs fynt Houtman it in geweldich plak om te wenjen, sa oan de Ofslútdyk.
FIDEO: Wenje op de Ofslútdyk, in ‘goddelijk plekje’
De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoayske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.