Utspraak rjochter oer Skylger festival Eilân freed ferwachte

De rjochter docht nei alle gedachten freed noch útspraak oer de nije fergunning foar it festival Eilân op Skylge. Ferline wike waard in fergunning skorst, omdat der proseduereflaters makke binne.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De gemeente en de organisaasje ha der opnij nei sjoen en ha saken oanpast en tongersdeitejûn let is der in nije fergunning ferliend troch de gemeente. Stichting Ons Schellingerland hat lykwols beswier makke tsjin de nije fergunning.
Alle partijen yn dit skeel hiene oant trije oere freedtemiddei de tiid om alle stikken oer de kwestje by de rjochtbank oan te leverjen. Dy bûcht him der no oer en docht dêrnei skriftlik útspraak. It festival soe nije wike tongersdei begjinne moatte.