Ds. Hasperskoalle Akkrum bestiet 100 jier: 'Mear as muorren en glêzen'

Mei de krimp op it plattelân, en hieltyd mear lytse skoallen dy't de doarren slute moatte, is it ek wolris moai om goed nijs te bringen oer in Fryske skoalle. De Ds. Hasperskoalle yn Akkrum hat oant trije kear ta in skoalstriid meimakke, en trije kear is de skoalle der trochhinne kaam. Freed bestiet de protestantsk-kristlike skoalle 100 jier. Dêr is by stilstien mei sirkus foar de bern en in tentoanstelling, in jubileumboek en muzyk foar âld-learlingen en -dosinten.
© Ds. Hasperschool
Direktrise Gea van Wieren is tige grutsk op it jubileum: "Wy meitsje der hjoed in leuk feest fan, want 100 jier dat is net neat. Wy wolle dat fiere mei eltsenien dy't by de skoalle belutsen is en dy't by de skoalle belutsen wie."
Moarns is der foar de bern in sirkus. "Wy meitsje mei de bern in foarstelling foar de âlden. Dan is der efkes skoft en fannemiddei dan giet it hinne foar minsken dy't ea op dizze skoalle sitten of wurke hawwe."

Trije kear skoalstriid

Neffens Van Wieren hat de skoalle wol trije kear in skoallestriid meimakke. Van Wieren: "De earste skoallestriid gie oer de oprjochting fan de skoalle. Wy hiene yn Akkrum al wol folle langer iepenbier ûnderwiis, mar gjin kristlik. De gemeenteried skreau ek: 'U weet immers dat wij voor den openbare school zijn.' De earste striid gie oer de identiteit. Dy dêrnei wie doe't der in beukerskoalle komme soe, en ek dat wie hast deselde striid: wêrom moast der noch in kristlike beukerskoalle by komme?"
Sels makke direktrise Van Wieren de lêste 'skoallestriid' mei. "It wurd striid klinkt wat swier, mar it wie wol in lang proses om hjir yn dizze moaie skoalle te kommen," leit sy út. "Dat hat wat fuotten yn de ierde hân, want al yn de foarige iuw wiene dêr petearen oer. It gie benammen oer jild. Somtiden leine de easken ek wol wat heech, mar it wie gewoan net te beteljen. Mar lang om let binne wy hjir mei-inoar yn ien gebou kaam, mei de iepenbiere skoalle en de berne-opfang."

Mear as muorren

Om't der skoalle nijboud is, sille âld-learlingen net mear yn it âlde gebou komme. "De minsken sille de muorren en de glêzen net werom fine, mar wy hoopje dat de Hasperskoalle mear is as muorren en glêzen," seit Van Wieren.
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld en direktrise Gea van Wieren
Der is in spesjaal jublieumboek makke, mei in werprintinge fan in âlder jublieumboek út 1974 en in nije skiednis yn byld fan de lêste 25 jier. Op de skoalle sitte hjoed-de-dei 156 learlingen. Ek groep 7 fan de Ds. Hasperskoalle wie tige bliid mei it jubileum:
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld by groep 7 yn Akkrum