Tennisser Arends yn finale challenger yn Súd-Frankryk

06 sep 2019 - 14:49

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat freedtemiddei yn Frankryk de finale behelle fan it Open Provence. Op de banen fan Cassis, by de havenstêd Marseille, wûnen Arends en syn maat David Pel mei 7-6 en 7-5 fan Quentin Halys en Tristan Lamasine.

Foto: Frans Arends

De Ljouwerter en Pel binne as earste pleatst op it dûbeldtoernoai. Earder wûnen se al ienfâldich yn de kwartfinale (6-3 6-2), mar hiene se in drege put oan Markus Eriksson en Dmitry Popko yn de earste ronde (7-5 7-5).

De finale fan de challenger yn Súd-Frankryk wurdt dit wykein spile. Harren tsjinstanner yn de finale is noch net bekend.

Winst Rafa Nadal Open

Ferline wike pakten Arends en Pel de winst op it Rafa Nadal Open op Mallorca.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)