Freedsmerk oer geweld tsjin aginten: "Se hat der nei sân jier noch hieltyd lêst fan"

06 sep 2019 - 14:08

"Myn dochter wurket by de plysje en wie sân jier lyn belutsen by knokkerij. Dêr hat se no noch lêst fan. Der moat écht wat barre, want it respekt is hielendal fuort!" Dizze reaksje op de Ljouwerter freedsmerk klonk suver as in oanklacht tsjin it skobberige en gewelddiedige gedrach dêr't plysjeminsken hjoed-de-dei mei te krijen ha.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In taser (stroomstjitwapen) soe in oplossing wêze kinne, al is net elk dêr fan oertsjûge. "Respekt kinne je der net yn ramme".

De measten tinke dat dizze ûntwikkeling komt troch opfieding. "Bern krije tefolle frijheid om't beide âlders wurkje." Mar ek dat bern juffen, masters en oare folwoeksenen by de foarnamme oansprekke, waard neamd. "Ik sei eartiids ris 'Peter' tsjin ús buorman. Myn heit stie derby en dat ha ik witten: ik ha sân wiken net skite kinnen!"

Aginten yn it bûtenlân litte it sa fier net komme, dy slaan dy de bealch fyn.

Keapman op 'e freedsmerk

Ien frou woe leaver de geweldspiraal trochbrekke. "Als iemand een agent met een mes of schroevendraaier aanvalt, moet je proberen daar op een andere manier mee om te gaan. Met zo'n taser bewantwoord je geweld met geweld, dat is niet de oplossing."

Ferslachjouwer René Koster prate op de freedsmerk oer geweld tsjin plysje-aginten

Trefwurden: 
plysje freedsmerk geweld
(advertinsje)
(advertinsje)