Oratmangoen komt te let en mist dêrtroch basisplak by Cambuur

06 sep 2019 - 13:46

SC Cambuur begjint sneon yn de wedstriid tsjin Telstar sûnder Ragnar Oratmangoen yn de basis. Trainer Henk de Jong hie wol in basisplak foar de oanfaller ynromme, mar hy kaam freed te let op de klup en sit dêrtroch dochs op de bank. "Dit is skande foar him en foar it team", fertelt De Jong. "Mar it is wer in learmomint. Hjir geane we wer mei oan de slach."

Foto: Orange Pictures

Wa't wol yn de basis stiet, is Robin Maulun. De Frânske middenfjilder miste ferline wike it duel mei FC Den Bosch troch in ankelblessuere. Mitchel Paulissen ferhuzet dêrtroch wer nei de bank. "Robin is in spesjale jonge, dy't ekstra wapens hat", sa ferklearret De Jong de rentree fan Maulun yn de basis.

Jarchinio Antonia, dy't op de lêste dei fan de transferperioade oerkaam nei Cambuur, is noch net fit genôch om te begjinnen. De Jong: "Dy hat noch twa, trije wiken nedich. Mar dat wisten we, doe't we him hellen."

Lykas Antonia wurdt Doke Schmidt ek oer in oantal wiken werom ferwachte. De Jong hopet dat se begjin oktober wer ynsetber binne.

In fêste wearde op de posysje fan ferdigenjende middenfjilder is Mees Hoedemakers. Ek tsjin Telstar sil hy wer op dy posysje stean. Sûnt moandei wit Hoedemakers dat der gjin konkurrint mear by komt foar him.

Cambuur wie fan doel noch in 'nûmer 6' te heljen, mar dat slagge de Ljouwerters net. "Was er iemand bijgekomen, dan was ik sowieso die concurrentiestrijd aangegaan. Dat heeft de trainer ook duidelijk gecommuniceerd", sa seit de middenfjilder.

"Je doet gewoon je ding"

Neffens De Jong wie dizze wike wol te fernimmen dat der in lêst fan de skouders fan Hoedemakers ôffallen is, no't Cambuur gjin middenfjilder mear hellet. Sels sjocht er dat net sa: "Ik ben gewoon bezig met mezelf en mijn eigen ontwikkeling. Natuurlijk is het fijn dat je vertrouwen voelt, maar je doet gewoon je ding en ik ben blij dat het goed gaat."

De wedstriid tusken Telstar en SC Cambuur begjint sneontejûn om healwei sânen. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma út it Rabobank IJmond Stadion yn Velsen wei. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar. Snein is yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting te sjen fan it duel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)