Tal minsken dat allinne wennet groeit, Flylân yn ferhâlding de measten

Yn Fryslân wenne yn 2018 goed 16 persint fan de minsken allinnich. Dat is mear as yn 2008, doe't noch 14 persint fan de Friezen allinne wenne. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't freed publisearre binne.
De meast 'iensume' gemeente yn Fryslân is Flylân © ANP
Yn Ljouwert leit it persintaazje fan minsken dy't allinne wenje relatyf heech: sa'n 23,3 persint fan de minsken wennet dêr allinne. Fan studintestêden is bekend dat it tal minsken dat allinnich wenje, faak wat heger leit. Sa is it persintaazje yn Grins wol 37 persint. Grins is dêrmei ek de Nederlânske gemeente mei it grutste oandiel minsken dy't allinnich wenje.

Meast 'iensume' gemeente

Yn Fryslân is de gemeente mei it grutste persintaazje allinnichsteanden Flylân (29,6 persint), folge troch Skiermûntseach mei 27,3 persint. Dat komt om't der op de eilannen relatyf folle âldere minsken wenje. Dy wenje noch faker as tweintigers allinnich. Wol moat sein wurde dat it om lytsere tallen minsken giet en dat dêrom de persintaazjes útsjitte kinne.

Takomst

Lanlik leit it persintaazje wat heger as yn Fryslân. Ferline jier wenne 17,4 persint fan de Nederlanners sûnder oare minsken yn in hûs. De tanimming fan it tal minsken dat allinnich wennet komt troch de groei fan studintestêden en om't âlderein langer thús wenjen bliuwe, ek as sy gjin partner mear hawwe.
De ferwachting is dat it tal minsken dat allinnich wennet yn Nederlân bliuwt groeien. Dat komt benamme troch de 70-plussers. Op 10 septimber bringe it Planbureau voor de Leefomgeving (PBL) en it CBS in húshâldingeprognoaze út. Dêryn sil te sjen wêze hoe't de ferwachtingen binne foar de kommende 30 jier.