Monumint ta neitins fan famylje Hartman, dy't yn 1944 omkaam by De Lemmer

Net fier fan De Lemmer, yn Rutten, is freed stilstien by in drama dat him 75 jier lyn ôfspile by de Lemstervaart. Op 6 septimber 1944 lei skipper Hendrik Hartman mei syn fou en trije fan syn seis bern mei it skip by de Fryske Slûs by De Lemmer. Yn de nacht fleach in fleantúch fan de alliearden oer, dy't in bom nei ûnderen smiet. De bom wie bedoeld foar Dútsers, maar kaam op de roef fan it skip fan Hartman terjochte.
Monumint ta neitins fan famylje Hartman, dy't yn 1944 omkaam by De Lemmer
Alle fiif Hartmans op it skip kamen om it libben. No is der by de slûs in monumint ta de neitins fan de famylje. Dêr wie ek Tini Westerhof-Hartman by, it âldste bern út de húshâlding, dy't op it momint fan it bombardemint by har pake en beppe wie.
It skip wie dêr om pakken hea nei Purmerend te bringen, mar it lei op it ferkearde momint op in ferkeard plak. Foar Tini Westerhof-Hartman (87) wie it in oangripend byinoarwêzen. "Vooral toen die kinderen van de school kwamen, dat doet me heel veel. Dat je denkt: zo klein waren ze nog," seit sy. Sy tinkt oan har suskes en broerke. "Maar ze hebben het mooi gedaan, echt geweldig."
Bern fan basisskoalle De Arke fan De Lemmer hawwe it tinkteken ûntbleate.
It monumint yn Rutten © Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Sy wie net fuortdaalks entûsjast. Sy tocht: "Moet dat nou nog? Dat klinkt een beetje raar, maar er zijn zoveel mensen omgekomen. Ik moest er wel even aan wennen. Maar ik vind dat ze het heel mooi gedaan hebben."

Stichting Oud Lemmer

Piet Zantman fan Stichting Oud Lemmer is tige bliid dat der noch ien fan de famylje by wêze koe. "Aldergeloks koe noch ien fan de bern dy't it oerlibbe hat oanwêzich wêze, sy is 87 jier. Sy hat in soad famylje fan har meinommen om mei-inoar te betinken dat dit drama der wie. Eartiids waard der net oer sprutsen." Net ien wit wêrom't it skip krekt bombardearre is. Mooglik seach men it skip foar in fijannich doel oan.
Hy snapt wol dat it frou Westerhof-Hartman in soad docht. "Ik tink ek dat de skiednis, de bylden fan doe en it gemis fan heit en mem en de oare famylje wer boppe wetter komt. Dat is altyd emosjoneel."
Hilbertus, Remmelina, Hendrik, Jan, Hendrika, Jantina Ebelina, Roelofje en Linda Hartman. © Stichting Oud Lemmer
It drama kaam oan it ljocht nei ûndersyk fan Peter van den Brandt. Hy siket út wa't der yn it gebiet fan gemeente De Fryske Marren omkommen is yn de Twadde Wrâldoarloch toch oarlochsgeweld. Hy makke in register 'Wie is waar begraven,' in database fan slachtoffers dy't hy oan de gemeente oanbean hat.
Van den Brandt is ek de man dy't it inisjatyf naam om in tinkteken del te setten. Dy is ûntwurpen troch Kiki Lemsma en makke troch Hindrik Heerschop.
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld by it monumint yn Rutten
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
By it bombardemint binne fiif minsken omkommen: setskipper Hendrik Hartman (41), syn frou Linda Hartman-Booij (36) en trije fan harren bern: Jan (9), Remmi (7) en Riki (4).