CAO-akkoart berikt yn de metaalsektor

Nei moannen ûnderhanneljen hawwe de bûnen en wurkjouwers yn de metaal en technyk in prinsipeakkoart berikt foar in nije cao. De goed 300.000 wurknimmers dy ûnder dy ôfspraken falle, sjogge harren lean de kommende twa jier gemiddeld 3,4 persint yn it jier omheech gean, meldt fakbûn FNV.
Staking yn de metaalsektor © Pieta de Vries
Ek yn Fryslân waard der yn it ôfrûne jier meardere kearen staakt foar bettere arbeidsbetingsten. Yn jannewaris kamen der mear as 200 meiwurkers út de sektor op de staking yn Ljouwert ôf. Ek yn juny leine ferskate Fryske ynstallateurs, metaalbewurkers en monteurs 24 oeren lang harren wurk del.
Neist in leansferheging komt der jild beskikber foar it oplieden fan personiel. Fierder is der in saneamd 'generaasjepakt' sletten, dat fan begjin kommend jier ôf yngean moat. Dat moat derfoar soargje dat âlderen minder wurkje kinne, wêrtroch't der mear plak is foar de jongerein.
Ek foar flekswurkers feroaret der wat. Wurkjouwers hawwe tasein dat 5.000 fan harren in fêst kontrakt krije. De bûnen lizze it akkoart de kommende wiken foar oan harren leden.