Troch komst Van Hau by SC Hearrenfean is earedifyzje ek yn Fjetnam op tv

06 sep 2019 - 11:34

Goed nijs foar alle Fjetnameeske fans fan fuotballer Doan van Hau. De saneamde VTVCAB, sis mar de NOS fan Fjetnam, hat de rjochten kocht fan ús earedifyzje. Dat betsjut dat wedstriden fan SC Hearrenfean live te folgjen binne yn Fjetnam en dat de fans fan Van Hau neat hoege te missen fan harren nije favorite klup: SC Hearrenfean.

Doan Van Hau - Foto: SC Heerenveen

De komst fan de Aziatyske ferdigener nei SC Hearrenfean is net geheim bleaun yn Fjetnam. Sa is de Facebookside fan SC Hearrenfean sawat eksplodearre. Hûnderttûzenen nije folgers binne der bykaam, benammen út Fjetnam. De Facebookside fan SC Hearrenfean is mei mear as 318.000 likes, nei Ajax, PSV en Feyenoord de meast populêre fan alle Nederlânske klups.

Ynfalle tsjin Tailân

Van Hau hat tongersdei mei de nasjonale ploech fan Fjetnam mei 0-0 lyk spile tsjin Tailân. De 20-jierrige linksback kaam in kertier foar tiid yn it fjild. De wedstriid tsjin Tailân wie de earste yn it ramt fan kwalifikaasje foar it wrâldkampioenskip fan 2022 yn Qatar. Fjetnam sit yn in pûl mei Maleizië, Tailân, Feriene Arabyske Emiraten en Yndonesië.

(Advertinsje)
(Advertinsje)