Smellingerlân stjoert brânbrief oer gaswinning nei minister Wiebes

06 sep 2019 - 11:12

Smellingerlân hat mei seis oare gemeenten in brânbrief stjoerd nei minister Wiebes fan Ekonomyske Saken, oer gaswinning. Sy binne benaud foar ierdbevingen trochdat lytse gasfjilden yn dy gemeenten mooglik yn rap tempo leechpompt wurde, no't de gaswinning yn Grinslân op in sêft sin set wurdt.

Gaswinning by De Himrik - Foto: ANP

De gemeenten warskôgje it Ryk dat dy de gaswinning net halje-trawalje ferheegje moat. Yn hiel Nederlân binne in soad lytse gasfjilden. Ut tsientallen fan dy fjilden wurdt ek gas wûn.

Produksje opfierd?

Omrop Fryslân hat in skoftke lyn al berjochte dat dêr de produksje sûnt koart opfierd wurdt. Minister Wiebes hat dat net befêstige, mar de gemeenten dy't no de brânbrief stjoere, meitsje harren dêr wol soargen oer.

Njonken Smellingerlân is de brief ek tekene troch de gemeenten Beemster, Nissewaard, Noordoostpolder, Waalwijk en Westland.

(advertinsje)
(advertinsje)