Grien ljocht foar restauraasje Jouster Toer

De restauraasje fan de Jouster Toer sil lang om let úteinsette. Sûnt novimber mist de spits fan de fertutearze toer. Dy stiet al skoften yn 'e stegers, mar der wie net genôch jild foar in nijen ien. Stichting tot Behoud van Rijksmonumenten hat dizze wike opdracht jûn ta it ferfolch fan de restauraasje.
De Jouster Toer noch hieltyd yn 'e stegers © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Der wie in soad te dwaan om de tastân fan de toer. Stichting tot Behoud van Rijksmonumenten naam de toer 2,5 jier ferlyn oer fan de gemeente. Dat de toer der sa min oan ta wie, waard doe net ferteld. Neffens de stifting wist de gemeente it sels ek net.
Ut in ynspeksje die bliken dat de houten konstruksje bot fertutearze wie en dat de situaasje eins al skoften libbensgefaarlik wie. Yn desimber 2018 waarden de spits en de lantearne út foarsoarch fan de toer helle.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De totale kosten fan de wurksumens wurde rûsd op 285.000 euro. Gemeente De Fryske Marren wie oant 2016 eigener fan de Jouster Toer en hat yn juny 200.000 euro beskikber steld. Foar it restearjende bedrach is eksterne finansierring fûn.
De restauraasje wurdt dien troch deselde oannimmer dy't foarich jier ek de spits fan de toer helle hat. De wurksumeheden binne op dit stuit yn tarieding en sille foar it grutste part barre yn 'e wurkpleats yn Snits. Yn it twadde healjier fan 2020 sil de toer oplevere wurde.