Alle 45 kavels by De Peinder Mieden ferkocht: wenje en natuerbehear ferbûn

06 sep 2019 - 10:51

Alle 45 kavels dy't yn De Peinder Mieden tusken De Pein en Drachten komme, binne no ferkocht en ek alle romtlike prosedueren om it projekt hinne binne no ek klear. It bestimmingsplan foar de twadde faze fan De Peinder Mieden is fêststeld troch gemeente Smellingerlân. De kavels komme yn in natuergebiet fan sa'n 90 bunder. Der binne al acht enerzjyneutrale wenten bewenne en nochris acht wenten binne op dit stuit yn oanbou. Yn 2022 moatte alle wenten klear wêze.

Foto: De Peinder Mieden

Der komme noch bouplannen foar de oerbliuwende kavels. It projekt is al yn 2007 opset troch Smellingerlân, de provinsje, Landschapsbureau Stroming en Innovatie Agro & Natuur. Yn 2009 kaam der in feriening fan keapers, dizze keapers binne ek ferantwurdlik foar it behear fan De Peinder Mieden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)