Beswiermakkers festival Eilân stappe nei de rjochter

06 sep 2019 - 10:11

De beswiermakkers tsjin it festival Eilân op Skylge stappe nei de rjochter. De advokaat fan de stichting Ons Schellingerland hat freed in 'foarriedige foarsjenning' oanfrege by de rjochtbank.

Boargemaster Wassink oer it trochgean fan Eilân

Henk Hees fan Ons Schellingerland

De stap nei de rjochter fan de stichting komt net as in ferrassing. Tongersdei joech foarsitter Henk Hees al oan nei de rjochter te stappen, as it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Skylge in omjouwingsfergunning ôfjaan soe. Dat barde tongersdeitejûn let, nei yngreven oerlis mei de belutsenen en in ekstra riedsgearkomste.

Net foldwaande

Neffens Ons Schellingerland binne de oanpassingen oan it festival net foldwaande. Troch de oankundige ferpleatsing fan poadia by it marke fan Hee, dêr't it festival hâlden wurde moat, ûntstiet neffens Hees ek in nij probleem. "Het blijft in een Natura 2000-gebied en naast een stiltegebied. Het enige inhoudelijke dat aangepast is, is de eis van de rechtbank dat de geluidsnormen omlaag gaan", seit Hees.

"Beschermd vogelgebied"

"Het verplaatste podium bevindt zich straks in beschermd vogelgebied", ferfolget Hees. "Daarnaast is geen rekening gehouden met de stikstofregels. Zowel de provincie als de gemeente gaan hier volledig aan voorbij. Ik zie geen mogelijkheid waarop het festival nog door zou kunnen gaan."

De stichting Ons Schellingerland ferwachtet dat de saak freed of uterlik moandei foarkomt.

Foto: Omrop Fryslân

Stichting Ons Schellingerland tinkt dus gelyk te krijen fan de rjochter. Daniël van Drunen, fan de organisaasje fan it festival, seit dêr lykwols gjin rekken mei te hâlden. "Het is zeker niet het geval dat wij iets niet goed hebben voorbereid. Er is alleen gesteld dat er niet genoeg tijd was om te controleren wat we hebben voorbereid", seit Van Drunen. "Naar onze mening was onze voorbereiding in eerste instantie afdoende voor de vergunning."

Daniël van Drunen fan de organisaasje fan it festival

De stikstofregels dêr't Hees it oer hat, binne neffens Van Drunen goed nei sjoen. "Daar is ook door deskundigen goed naar gekeken. Er is in rapportage rekening gehouden met uitstoot en daarvan is vastgesteld dat we onder de vastgestelde grens bleven."

Tariedings

De tariedings foar it festival binne yntusken úteinsetten. Mar krije se alles noch wol op tiid klear? "Gelukkig heb ik daar een geweldig team voor. We beginnen morgenochtend met de opbouw. Dat is een dag later dan gepland. Donderdag hopen we met open armen de bezoekers te ontvangen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)