Auto oer de kop op de A7 by It Hearrenfean

06 sep 2019 - 09:33

Op it klaverblêd op It Hearrenfean is freedtemoarn in auto oer de kop slein. It ûngelok barde op de A7 nei Drachten ta, op de hichte fan ferbiningswei A32. De frou dy't de auto bestjoerde, is troch ambulânsepersoniel ûndersocht en nei it sikehûs brocht. De rjochter rydstripe is ôfsletten, dêrtroch is der file ûntstien.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

It is net bekend hoe't it ûngelok krekt barre koe. As de auto fan de frou fan de wei helle is, kin de rydstripe wer iepen.

Trefwurden: 
ûngelok It Hearrenfean auto A7
(Advertinsje)
(Advertinsje)