Kollum: "Timmy Talsma"

06 sep 2019 - 08:49

"Puberhûn Timmy hat ús de lêste tiid aardich drokte besoarge. Hy is no hast like heech as de tafel en as er dêr, of by it oanrjocht op springt, kin er oeral by. Dus doe't ik acht gehakballen kocht hie, hie ik dy op myn manier sa dellein dat er der net by koe. Ferkeard ynskatten want hy hat se allegear opfretten.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Dêrfoar al in kear twa biologyske hinneschnitzels, in heale bôle en tsiis. Mar neidat ik him trappearre doe't er prinshearlik op syn skieppefel de lêste gehakbal ophaffele, ha 'k him in skop ûnder syn kont jûn en allemachtich flokt. Ik tink dat se my yn Earnewâld wol hearre koene! Dêr skrok er al fan en hy hat it net wer dien. Mar dat kin ek komme omdat ik it fleis no boppe op 'e skou lis.

Utnaaie wie ynienen ek in hobby fan him. Dat die er earder noait. As de skudsdoar efkes iepen stie omdat wy wat út de auto helje moasten of sa, dan bleau er by dy. Mar op in bepaald momint fûn er it ek wol aardich om op 'e jachthaven te buorkjen, want toeristen hawwe faak ek hunen.

It is sa'n poetsak, want hy wist presys by wa't er dat flikke koe. De doar hoegde mar op in kier te stean en hy naaide gau út en dan kaam er ek net wer. Jelle hat him alris ûnder sa'n gammel campingtaffeltsje wei fiske by lju dy't mei in camper op 'e haven stiene, mar lokkich seagen sy de humor der wol fan yn.

Dat wie oars as mei de minsken dêr't er letter op ôf fleach. No wit ik wol dat er dan ek ynienen in baas hûn oankomt, mar hy hat noait kwea yn 't sin. Timmy fynt alles en elkenien aardich en dizze lju hiene in lytse wite fluffy puppy, dus dat wie feest fansels fûn Timmy. Ik wie direkt achter him oangien en de campinggasten wiene nochal wat oerstjoer, want har puppy wie sa skrokken en se hiene it smoar yn.

Ik baalde ek as in stekker en ha myn ekskús oanbean. Mar oan 'e oare kant begryp ik net wêrom't minsken betiden sa gau oerémis reitsje, want dêr berikst ek hielendal neat mei. Timmy gong wer mei nei hûs en wy hawwe noch mar in ekstra stekje foar de skudsdoar makke. As immen dan de doar net goed ticht docht, sit der teminsten noch in barriêre foar.

Mar ja, as jo dy beide iepen stean litte sa't ôfrûne tiisdei barde, dan jout it net safolle. Timmy wie wer op 'e kletter en doe't ien fan ús jonges him oan 'e halsbân meinimme soe, liet er him gewoan op 'e grûn falle en sjoch dy 50 kilo dan mar ris oerein te krijen. Dat slagge ek net en doe't er syn kâns seach, naaide er wer út. Mei it smoar yn fytste ik oer de haven en lokkich fûn ik him op itselde plak dêr't er de jûns dêrfoar fereale rekke op in loopske teef.

Dyselde middeis hie de hiele bykeuken ek al blank stien. Ik wist direkt wa't de skuldige wie, want de kattebrokjes steane yn 'e bykeuken yn 'e finsterbank boppe it oanrjocht. En Timmy hat fansels stikem besocht dy op te fretten en doe hat er grif de kraan iepen dien.

Moatst in soad geduld én gefoel foar humor ha mei sa'n puberhûn, want oars kinst wol gek wurde. En as jimme tafallich in grutte swart-wite lobbes mei in wite plom op 'e sturt tsjinkomme yn Warten en omkriten; syn namme is Timmy Talsma, hy wennet oan de Bûtenstreek en is sljocht op gehakballen."

(advertinsje)
(advertinsje)