Tal learlingen op Snitser 'Tienerschool' yn jier tiid ferdûbele

06 sep 2019 - 11:59

De saneamde Tienerskoalle yn Snits is yn in jier tiid mear as ferdûbele yn it tal learlingen. Ferline jier begûn de nije skoalfoarm mei 25 learlingen, mar dit jier binne dat der al 55. Dêrmei groeit de skoalle boppe ferwachting. De Tienerskoalle is in nije foarm fan ûnderwiis rjochte op bern fan tsien oant fjirtjin jier.

Dêrmei sit de skoalle krekt tusken de basisskoalle en it middelber ûnderwiis yn. De bern dy't op de Tienerskoalle sitte, komme wat earder fan de basisskoalle ôf en gean wat letter nei it middelber ûnderwiis. Se streame pas yn de tredde klas yn.

Doel is om de oergong wat minder grut te meitsjen. It sukses is opmerklik, want dit jier is der noch in twadde tienerskoalle bykaam, mar dat soarget dus net foar minder groei.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Direkteur Tinie Sterenborg: "De andere school is van de christelijke koepel CVO en die pakken het gewoon heel anders aan. Die hebben een bestaand pakket aangekocht en zijn daar mee aan de slag gegaan. Wij zetten echt iets nieuws op."

'Broddeljier'

En dat is noch net sa maklik, sa seach it team fan de nije skoalle yn it earste jier. Alles moast noch útfûn wurde, wylst de earste bern al op de skoalle omstapten. Mei-inoar giene se op syk nei wat wol en net wurke. "Het eerste jaar is een beetje een broddeljaar," seit de direkteur. "Sommige dingen gingen meteen goed en andere niet. Zo hebben we dit jaar wat meer structuur aangebracht in het lesprogramma, zonder daarbij het basisidee los te laten."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De Tienerskoalle sit ynhâldlik ek krekt tusken de basisskoalle en it middelber ûnderwiis yn. Sa wurde der fakken oanbean dy't echt passe by it middelber ûnderwiis lykas Frânsk. Mar dat bart net by fakdosinten.

De learlingen sette de hiele dei by deselde dosint. Al hjit dat op de Tienerskoalle wol oars. In dosint is dêr 'in coach'. De learlingen sitte dan ek net yn in klasse, mar yn in coachgroep.

Lytse groepen

Ferline jier begûnen se by de Tienerskoalle mei twa coachgroepen. Dit jier binne der trije en takom jier moatte it fjouwer wêze. It learlingetal dêr't se dan op útkomme wolle, is 75. "En groter moet eerst ook niet. We willen de groepen bewust klein houden" sa seit Sterenborg.

Mar dy groei betsjut wol dat se nei alle gedachten takom jier op syk moatte nei in nije lokaasje. De hjoeddeiske lokaasje oan de Simmerdyk wurdt dan te lyts.

Trefwurden: 
ûnderwiis Snits tienerschool
(Advertinsje)
(Advertinsje)