Harry van der Molen: Ryk hat ek ferantwurdlikheid foar it Frysk

06 sep 2019 - 08:01

It Ryk moat oan de slach mei de krityk fan de Ried fan Europa op de beskerming fan de Fryske taal en identiteit. Dat seit CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen út Ljouwert. Tongersdei ferskynde in nij kritysk rapport fan de Ried fan Europa oer it neilibjen fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan Nasjonale Minderheden. De Ried fan Europa fynt dat it Frysk 'te min sichtber' is yn it strjitbyld en ek dat it ûnderwiis yn it Frysk tekoart sjit.

Harry van der Molen - Foto: Omrop Fryslân

Op oantrúnjen fan Harry van der Molen en syn VVD-kollega Aukje de Vries komt it rapport meikoarten op de aginda fan de Twadde Keamer. Minister Ollongren moat mear dwaan as allinnich nei de provinsje wize, seit Van der Molen.

"It Ryk kin ek sels it Frysk sichtber meitsje troch it te brûken op gebouwen fan it Ryk yn Fryslân fan lykas de belestingtsjinst en de rjochtbank." It Keamerlid fynt de sichtberens fan it Frysk wichtich. "As je de taal om je hinne sjogge, dan brûke je 'm ek gauwer."

Praktyk

Van der Molen konstatearret dat, alhoewol diplomatyk ferwurde, elts nij rapport fan de Ried fan Europa wer kritysker is oer de beskerming fan de Fryske taal en identiteit troch Nederlân. "It kabinet tinkt dat se der binne as saken op papier goed regele binne. Mar dêr giet it net allinnich om, it giet ek om de praktyk."

Van der Molen is tige kritysk oer de reaksje fan it kabinet op it rapport fan de Ried fan Europa. "It makket op my de yndruk fan copy-paste fan in âlder stik. Dat kin echt net mear."

Foto: Omrop Fryslânm, Jeroen Boersma

Van der Molen fynt it 'te maklik' fan it kabinet om yn de reaksje op it rapport fan de Ried fan Europa te wizen nei taalskipper Sietske Poepjes en de provinsje Fryslân. "It Ryk hat ek sels in ferantwurdlikheid. Ik fyn dat minister Ollongren dy ek nimme moat." It Twadde Keamerlid wol dat it Ryk wurk makket fan mear belangstelling foar en kennis oer it Frysk op it ministearje.

Sammelbrief

Ein juny wie der ûnder foarsitterskip fan Harry van der Molen in oerlis fan de keamerkommisje foar Ynlânske Saken mei minister Ollongren oer it bestjoersakkoart Fryske taal en kultuer. De minister koe doe op ferskate fragen gjin antwurd jaan, mar sei de kommisje in sammelbrief ta mei alle antwurden.

Harry van der Molen oer it krityske rapport fan de Ried fan Europa

Dy brief is der oant no ta noch net. Van der Molen wol druk op de minister hâlde. Hy wurdt dêrby holpen troch de omstannichheid dat de Ried fan Europa de kommende hjerst wer nei Fryslân komt, diskear om it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen te kontrolearjen.

"Ik ferwachtsje op syn lêst in oktober in brief fan de minister. Dêryn moat se dan ek oanjaan hoe't se oan de slach giet mei de sichtberens fan it Frysk, want dy opdracht fan de Twadde Keamer dy leit der."

(Advertinsje)
(Advertinsje)