Festival Eilân op Skylge mei trochgean

06 sep 2019 - 06:19

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Skylge hat tongersdeitejûn let besletten om in omjouwingsfergunning foar it festival Eilân ôf te jaan. It beslút waard freedtemoarn bekend makke. Der wiene beswieren tsjin it festival by de mar by Hee, omdat dat yn in stiltegebiet leit en tsjin in Natura 2000-gebiet oan.

De rjochter sette foarige wike de seinen min of mear op read, troch te wizen op gebrekken yn de evenemintefergunning. Dat makket de saak wol kompleks, want der is dus net allinnich in evenemintefergunning nedich, mar ek in omjouwingsfergunning.

Auke Zeldenrust wie by de gearkomste op Skylge

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folge de riedsgearkomste op Skylge. "Neffens de gemeente binne de beswieren dy't der wiene, nammentlik dat it yn it Natura 2000-gebiet leit, fuortnaam troch de organisaasje. Twa poadiums yn de bosk krije in oar plak, ien giet nei camping De Kooi." Dêrom is der besletten dochs in omjouwingsfergunning ôf te jaan en kin it festival trochgean.

Festival fersus natuer

De gemeente seit oan de iene kant sjoen te hawwen nei de belangen fan it trochgean fan it festival. Der hawwe nammentlik al in soad tariedings west. Oan de oare kant wurdt der letten op de belangen fan de natuer. "We hebben geprobeerd een zorgvuldige afweging te maken", seit boargemaster Bert Wassink fan Skylge.

Beswiermakkers

Ek de beswiermakkers sieten yn 'e seal. Sy hiene sein dat se fuortendaliks nei de rjochter stappe soene as it festival trochgean soe. Sy fine dat it belang fan de natuer minder swier meiteld wurdt as dat fan it trochgean festival. "We hebben goed naar de natuurbelangen gekeken. Maar ik kan me hun standpunten goed voorstellen. We hebben alle argumenten echter op een rij gezet en zo zijn we tot een besluit gekomen", leit Wassink út.

Neffens him wie it in dreech beslút. "Je neemt liever niet een besluit waarbij de gevoelens op het eiland over verdeeld zijn, maar dat was hier onontkoombaar."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boargemaster Bert Wassink oer it beslút

De materialen foar it festival leine al klear op it terrein, mar de opbou mocht noch net úteinsette. "Dat kan nu wel, maar de initiatiefnemer weet ook dat de gang naar de rechter wederom zal worden gemaakt. Dus dat zal hij op eigen risico moeten doen."

Takomstige eveneminten

De gemeenteried hat krityske fragen steld oer de proseduere en freget him ôf hoe't it sa rinne kind hie. En hoe't it no moat mei takomstige eveneminten op Skylge, lykas Oerol, en op oare Waadeilannen. Dit beslút kin dêr gefolgen foar hawwe. "We hebben hier 150 evenementen per jaar en dit besluit gaat voor al die evenementen een rol spelen. We moeten scherper zijn op de evenementenvergunningen."

Wat opfalt yn it riedsbeslút is dat der oerlis komme moat mei oare Waadeilannen. "Dat vind ik wel logisch. Ook op andere eilanden zijn er veel evenementen en zullen ze met dezelfde problematiek te kampen hebben."

Trefwurden: 
festival Skylge eilân
(Advertinsje)
(Advertinsje)