ONS-keeper Barry Ditewig einiget syn karriêre mei direkte yngong

05 sep 2019 - 22:13

ONS Snits-keeper Barry Ditewig makket mei direkte yngong in ein oan syn karriêre. De 41-jierrige keeper seit gjin motivaasje mear te hawwen om noch in jier yntinsyf mei sport dwaande te wêzen.

Barry Ditewig - Foto: www.orange-pictures.nl

De yn Veenendaal berne Ditewig hat ûnder oare by SC Hearrenfean, Feyenoord en ADO Den Haag keept. Hy spile 27 wedstriden yn de earedifyzje. De lêste jierren kaam er yn aksje by in tal amateurklups, wêrûnder dus ONS Snits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)