Beam falt op boerepleats yn Ljussens
Oan de Dyksterwei yn Ljussens is woansdeitenacht in beam op de skuorre fan in boerepleats fallen. Foar safier bekend is dêrby gjinien ferwûne rekke.
De oarsaak soe in wynhoas wêze dy't oer de pleats gien wêze soe. Dat meldt in doarpsbewenner. En de skea soe in pear tûzen euro's wêze. In spesjalisearre bedriuw sil de beam fuorthelje.