Tûzen skoalbern helpe mei snoeiwurksumheden yn noardeasten

05 sep 2019 - 20:55

Hast tûzen learlingen fan goed tritich basisskoallen yn de regio Noardeast-Fryslân helpe de feriening Noardlike Fryske Wâlden de kommende wiken. De help rjochtet him op de snoeiwurksumheden foar it ûnderhâld fan elzesingels en houtwâlen.

Foto: Vereniging Noardlike Fryske Wâlden

Learlingen fan groepen 7 en 8 krije les oer it natuer- en lânskipbehear en de kultuerhistoarje fan harren eigen wenomjouwing. By dat lesprogramma past it snoeien ek. Se krije ek te hearren wat der nedich is om alles sûn te hâlden.

De bern fan klassen út de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Smellingerlân en Tytsjerksteradiel sille in dei oan de slach mei it ûnderhâld fan it kûlizelânskip. Meiwurkers en frijwilligers fan Lânskipsbehear Fryslân jouwe lieding by it snoeien fan elzesingels en struken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)