Hurdfytswedstriid 'De Leeuw van Leeuwarden' giet net troch

05 sep 2019 - 20:45

De hurdfytskoers 'De Leeuw van Leeuwarden' yn de Ljouwerter wyk Nijlân op 15 septimber giet net troch. Organisator LWV De Friesche Leeuw stelt dat de feiligens om it parkoers hinne net genôch garandearre wurde kin.

Hurdfytsers - Foto: Pexels.com

Troch strange easken fan de gemeente Ljouwert hiene der wol fyftich oant sechstich frijwilligers nedich west. 'De Leeuw van Leeuwarden' soe foar it earst yn 50 jier tiid wer yn de wyk Nijlân hâlden wurde.

Yn 1969 wûn de Ljouwerter hurdfytser Anne Koster de koers. Letter is 'De Leeuw van Leeuwarden' noch wol yn oare parten fan Ljouwert en yn Ljouwerteradiel ferriden.

Foto: Eigen foto

Foarsitter Matthijs de Vries fan De Friesche Leeuw is tige teloarsteld oer it net trochgean fan de koers. De hurdfytsferiening hat in soad tariedend wurk dien yn gearwurking mei de wykferiening Nijlân en de gemeente Ljouwert.

Sa'n fjirtich hurdfytsers hiene har al foar de koers oanmelden. De Friesche Leeuw sil no mei de gemeente Ljouwert besjen oft it evenemint takom jier wol hâlden wurde kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)