Beslút oer festival Eilân wurdt pas freedtemoarn bekend makke

05 sep 2019 - 22:30

Net earder as freedtemoarn makket de gemeente Skylge bekend hoe't it komt mei it festival Eilân. It kolleezje wol der nei de ekstra riedsgearkomste noch ûnder inoar oer prate en sil dan as earste de ried ynljochtsje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De gemeente Skylge prate tongersdeitejûn op in ekstra riedsgearkomste oer it festival Eilân. Boargemaster Wassink sei al foarôfgeand oan de gearkomste dat it kolleezje noch gjin beslút nommen hat oer de nije fergunningoanfraach fan it festival Eilân. Yn de rin fan de jûn waard bekend dat it beslút pas freedtemoarn nei bûten brocht wurde sil.

Ekstra riedsgearkomste Skylge oer festival Eilân - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It is in ferfelende situaasje, sei Wassink yn de gearkomste. Hy jout ta sa se net alles goed dien hawwe en dat se fan dizze situaasje leare moatte.

Oerol

Neffens de boargemaster kin ien en oar ek gefolgen hawwe foar it Oerolfestival. Wy moatte hjir goed nei sjen, want as foar elk evenemint in omjouwingsfergunning nedich is, hat dat mooglik ek foar Oerol konsekwinsjes, sa sei er.

Skeaclaims

Wassink is net benaud foar skeaclaims: "Ik zie de schadeclaims met vertrouwen tegemoet. We hebben dan niet alles goed gedaan, maar ook niet alles verkeerd."

De ekstra gearkomste is útroppen troch Christa Oosterbaan fan de PvdA, de grutste fraksje op Skylge. Sy wol dat it kolleezje mei in opsomming fan de feiten de ried mear dúdlikens jout. Dat is needsaaklik om derfan te learen. Se wol ek witte wat de gefolgen binne as it festival net trochgean kin. Komme der dan bygelyks skeaclaims. Oosterbaan neamt it in ferfelende situaasje.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Pún romje

Gosse Bos fan Samen Terschelling seit dat dizze saak inkeld mar ferliezers hat. Der is net genôch mei-inoar praat, mar dat kin no net mear. "Nu kunnen we alleen maar puin ruimen. Duizenden mensen zijn teleurgesteld in ons eiland."

It nije festival is in soad om te dwaan. Der binne fûle tsjinstanners en de saak hat sels al foar de rjochter west.

Trefwurden: 
festival Skylge eilân
(Advertinsje)
(Advertinsje)