Reedrydmuseum Hylpen kriget prizen fan Alvestêderider Jan Uitham

05 sep 2019 - 20:02

It Reedrydmuseum yn Hylpen hat alle prizen fan Grinzer reedrider Jan Uitham krigen. Gauke en Pieter Bootsma fan it museum hellen de prizen tongersdei op út Grinslân, meldt RTV Noord.

It reedrydmuseum yn Hylpen - Foto: Wikimedia Commons

In diel fan de priizen komt fuortendaliks by de tentoanstelling oer de Alvestêdetocht, de rest wurdt foarearst opslein.

Jan Uitham wie in ferneamd maratonrider en hat de Alvestêdetocht seis kear riden. Yn 1963 waard er twadde. Uitham ferstoar ôfrûne april yn de âldens fan 94 jier.

(advertinsje)
(advertinsje)