Wurkstraffen foar ferkearsrûzje Ljouwert

05 sep 2019 - 18:32

Twa broers (20 en 24) út Ljouwert dy't in heit (48) en in soan (29) mishannele hawwe, hawwe elk in wurkstraf fan 150 oeren krigen. It ynsidint wie ferline jier op it Súdfliet yn de Fryske haadstêd.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De mishanneling hie neffens de offisier fan justysje in 'futile' oanlieding. De soan stie mei syn auto op de dyk, wylst syn heit in bestelling ophelle by in snackbar. De twa broers koene der net del mei de auto en begûnen lûd te toeterjen.

Harsenskodding

De âldste fan de twa rûn nei de oare auto ta, wêrnei't it hielendal út de hân rûn. De heit moast úteinlik mei in harsenskodding nei it sikehûs. Hy wie út de tiid slein troch ien dy't him mei de rûzje bemuoide. De soan hat ek slein, mar neffens de rjochter wie dat út selsferdigening.

Startkabels

Net allinnich de feroarsakers fan de rûzje krigen straf. De heit krige in wurkstraf fan tachtich oeren ûnder betingst, omdat er mei startkabels om him hinne slein hie. Dat wie fiersten te bot, fûn de rjochter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)