Primeur De Harmonie: twa kear op rige it meast gastfrije teäter

Stedsskouboarch De Harmonie hat foar it twadde jier op rige de Roel Oostrapriis wûn foar it meast gastfrije teäter foar artysten. It is foar it earst dat ien teäter de priis twa kear efterinoar wint. "Of het nou een bekende of minder bekende artiest is, iedereen wordt evenveel hartelijkheid ontvangen", seit foarsitter Jurre Schreuder fan de Kunstenbond.
Teater de Harmonie yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"De Harmonie heeft opnieuw hard z'n best gedaan om de artiesten goed te ontvangen", seit Jurre Schreuder. "Het teamwork valt artiesten en crew op. De mensen achter de balie, in de horeca, de directeur, de technicus: iedereen helpt mee met de gastvrijheid."
Dat in teäter gastfrij is, is fan grut belang foar elkenien. "Het is het thuis van de mensen. Ze zijn constant op reis. En iedereen heeft profijt van een gastvrij theater: artiesten, theater én publiek. Want je kunt dan genieten van een betere voorstelling", neffens Schreuder.
Jurre Schreuder
De priis is ferneamd nei Roel Oostra (Easthim, 1921). Hy wie mear as 25 jier direkteur fan De Lawei yn Drachten en stie bekend om syn gastfrijheid. Hy hie each foar wat de artyst nedich hie en wie altyd hiel attint.