Sjongfestival Liet wol fernije: mear as allinnich in wedstriid

05 sep 2019 - 17:18

De organisaasje fan Liet wol fan it Fryske sjongfestival Liet mear meitsje as allinnich in wedstriid fan Fryske ferskes. Troch it ferbinen fan stêd mei plattelân en stimulearjen fan artysten om Frysk te sjongen yn mear sjenres as singer-songwriter.

Nei heechtiiddagen mei grut opsette finales sakke de belangstelling foar it Fryske sjongfestival yn. Liet krige ferline jier in nije organisaasje. It is oan harren om it festival te rêden. It wedstriidelemint bliuwt, mar yn de nije opset wurdt de Frysktalige muzyk mear stimulearre troch artysten fan ferskate sjenres gearwurkje te litten. In foarbyld is de gearwurking fan indierockband Woe Blind Birds en operasjongeres Elisabeth. Esther en Wiebe Kaspers.

Dêrneist wol de organisaasje it Fryske liet ek bûten Ljouwert hearre litte. Der komme yn oktober programma's yn Grou en Aldebiltsyl mei optredens fan bekende artysten keppele oan begjinnende dichters of singer-songwriters.

It is de fraach oft al dy maatregels wat opsmite. Want oant no ta is it sukses fan Liet-winners en Fryske popmuzyk oer it generaal beheind ta Twarres en De Kast. "It soe moai wêze as der wer in Frysktalige meunsterhit komme soe", fynt Liet-foarsitter Gerard van der Veer.

De Liet-finale is op 15 novimber yn Neushoorn.

Trefwurden: 
Frysk sjongfestival Liet
(Advertinsje)
(Advertinsje)