Skylge, It Amelân én Ibiza: de top-3 fakânsjebestimmingen fan septimber

05 sep 2019 - 17:02

Yn septimber noch efkes fuort om de lêste sinne te pakken? Dan moatte je nei Skylge of It Amelân. Teminsten, dat seit HomeToGo, in bedriuw dat ûndersyk docht nei wêr't Nederlânske fakânsjefierders flak nei it heechseizoen nei ta gean. De twa Fryske Waadeilannen binne it populêrst, Ibiza makket de top-3 kompleet.

De flagge fan Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Yn septimber sykje we tradisjoneel plakken op dêr't we wis binne fan sinne. Sa kinne we krekt foar de hjerst noch wat sinne meipakke. Yn it ûndersyk wurdt sjoen nei hokker plakken oft Nederlanners gean.

Skylge en It Amelân foarmje mei Ibiza de top-3. Fierder is opfallend dat alle fjouwer Fryske Waadeilannen yn de top-15 stean, mar Teksel net.

De top-15 fakânsjebestimmingen yn septimber:

  1. Skylge
  2. It Amelân
  3. Ibiza
  4. Egmond aan Zee
  5. Sardinië
  6. Mallorca
  7. Sicilië
  8. Flylân
  9. Zoutelande
  10. Málaga
  11. Scheveningen
  12. Curaçao
  13. Skiermûntseach
  14. Noordwijk aan Zee
  15. La Carihuela
(advertinsje)
(advertinsje)