Dreamsenario It Fryske Gea foar 2100: fierder ûntwikkeling feanboaiems

Feanboaiems moatte beholden bliuwe en as dat kin fierder ûntwikkele wurde. Dat is it dreamsenario fan natuerorganisaasje It Fryske Gea en lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter. Se ha dat dreamsenario sketst foar it jier 2100 yn harren strategystik 'Stean foar it Fean!'
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"As we it fean net behâlde, dan ha we aanst allinnich noch mar sân en klaai", seit adjunkt-direkteur Chris Bakker fan It Fryske Gea. As oplossing wolle se dat der grutte 'moedermoerassen' komme. "En dêromhinne ha we in goede buffersône nedich."
De takomst fan it feangreidegebiet yn Fryslân stiet ek heech op de politike aginda. Troch ûnder mear de drûchte ferdwynt de feangreide en dat moat perfoarst net, seit Bakker.
De natuerorganisaasje beheart sels goed 4000 bunder oan feannatuer yn ûnder mear it Bûtenfjild, Alde Feanen en Petgatten, De Feanhoap, Easterskar en Lendevallei.
Chris Bakker