Seis moanne sel en boete foar 55-jierrige Harnzer dy't stalkte

05 sep 2019 - 16:27

In 55-jierrige ynwenner út Harns moat seis moanne de sel yn. Neffens de rjochtbank hat de man him skuldich makke oan stalking, nei't er bestjoersleden fan de KwadrantGroep yn 2016 moannelang bestookt hat mei sms-berjochten. Neist de selstraf is de man troch de rjochtbank feroardiele ta it beteljen fan smertejild.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de sms'kes stie fertroulike ynformaasje oer it bedriuw. De ynformaasje krige de Harnzer fan syn frou, dy't yn it ferline ek yn it bestjoer fan de KwadrantGroep siet. Nei't se út it bestjoer stapte, stie der yn de berjochten ek gjin fertroulike ynformaasje mear. Om de 'mol' te efterheljen waarden bedriuwsresjersjeurs ynset.

Net iens mei belied

De man dielde de sms'kes omdat er it net iens wie mei it belied fan de KwadrantGroep. Hy besocht de bestjoersfoarsitter falle te litten. It soarchkonsern hat in skeaclaim fan 176.000 euro yntsjinne.

De rjochtbank fûn dy foardering te lestich foar behanneling yn in strafproses. De KwadrantGroep kin de skea noch wol ferhelje fia de boargerlike rjochter. De man moat twa bestjoersleden 1.000 euro smertejild betelje en 2.500 euro oan de bestjoersfoarsitter. De rjochtbank sei dat er 'vilein, planmatig en geraffineerd' hannele hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)