Iuwenâlde stiennen trep fûn yn Kollum fan eardere rjochtshûs

05 sep 2019 - 16:15

Under de brêge by de Foarstrjitte yn Kollum is in âlde tagong nei it eardere rjochtshûs fûn. De ûntdekking waard dien by rekonstruksjewurk oan de Djipswallen yn it doarp.

Alde tagong Kollumer rjochtshûs ûntdutsen - Foto: Ynfocus, Ynte Koster

Achter in laach stien fûn de oannimmer in trep dy't yn it ferline nei de kelders fan it rjochtshûs rûn. It rjochtshûs is ein sechstjinde iuw boud, de trep nei alle gedachten yn 1790.

It is de bedoeling dat de trep behâlden bliuwt. In arsjitekt tinkt nei oer in passende oplossing.

Trefwurden: 
Kollum trep rjochtshûs
(advertinsje)
(advertinsje)