Rico Verhoeven: mindset studinten NHL-Stenden krekt as kickboksers

05 sep 2019 - 16:40

Se binne sawat de lêste yn de rige, mar tongersdei begjinne dan lang om let de studinten en dosinten fan hegeskoalle NHL Stenden ek oan it nije stúdzjejier. En sa't dat dan heart, komt der in spesjale gast om elkenien wer skerp te krijen foar in jier fan druk en prestearjen. En wa kin dêr better mei omgean as kickbokser Rico Verhoeven, dy't dêr yn de ring fansels ek mei te krijen hat.

De wrâldkampioen hie in belangryk boadskip foar de nije studinten foar takom stúdzjejier. Dy moatte harren dreamen neijeie. "Net als in de ring heb je als student ook druk op je schouders. Dat moet je omarmen en omzetten in kracht. Alles in het leven kan met een reden gebeuren, dat vormt je als persoon."

"Ik vind het leuk omdat ik nu in de positie sta dat ik mensen kan raken en inspireren", seit Verhoeven. "Ik wil graag mijn visie vertellen en waar dat vandaan komt. Als ik vandaag alleen al één iemand heb geraakt met mijn boodschap dan is mijn dag goed. Ik vertel mijn verhaal en hoop dat ik iemand inspireer om zijn of haar dromen na te jagen."

It folsleine ynterview mei Rico Verhoeven:

(Advertinsje)
(Advertinsje)