Publyk mei fan Wetterskip Fryslân meitinke oer nije dykgraaf

05 sep 2019 - 15:44

De ynwenners fan Fryslân krije ynspraak yn de profylskets foar in nije dykgraaf. It Wetterskip Fryslân fynt it wichtich dat it publyk meitinkt oer wat der frege wurdt fan in nije dykgraaf.

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

It Wetterskip moat op syk nei in nije dykgraaf om't Paul van Erkelens op 1 jannewaris 2020 ôfskied nimt. Van Erkelens wie sûnt 2004 dykgraaf.

Ynspraakmomint

Minsken dy't meitinke wolle oer de nije dykgraaf, moatte har wol yn it foar oanmelde foar in saneamd ynspraakmomint. Dat momint is op 10 septimber op it haadkantoar fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert. Op dy jûn wurdt der in konsept-profylskets presintearre.

Minsken dy't oanwêzich binne kinne har miening oer de profylskets jaan. In wike letter folget dan in definitive ferzy.

De opfolger fan Van Erkelens wurdt takom jier foar in perioade fan seis jier beneamd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)