Snitser moat finzenis yn foar driigjen mei terroristysk misdriuw

05 sep 2019 - 15:30

De rjochter fan Ljouwert hat tongersdei in man út Snits feroardiele ta in finzenisstraf fan 18 moannen wêrfan 12 fan ûnder betingst foar it driigjen mei in terroristysk misdriuw. De man hat ûnder oare drige mei gasflessen en benzine nei it gemeentehûs in Snits te kommen en in meiwurker fan de Raad voor de Kinderbescherming om it libben te bringen.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Neffens de rjochtbank hat de Snitser troch it uterjen fan syn drigeminten besocht de oerheden te twingen om de omgong mei syn soan mooglik te meitsjen. Sa woe er in meiwurker fan de Raad voor de Kinderbescherming ombringe as dy net yn it foardiel fan de man beslisse soe. Boppedat hat de man op 28 maart ferwiisd nei 'Utrecht', dêr't tsien dagen earder in oanslach yn in tram wie. Dy feiten wize neffens de rjochtbank op in terroristysk motyf.

Himpkwekerij yn hûs

Yn de wenning fan de man binne kûgelpatroanen en in wapen oantroffen. Boppedat waarden yn syn hûs in grut oantal joints en in himpkwekerij fûn. Dêrút konkludearret de rjochtbank dat de Snitser him dwaande hâldt mei kriminele aktiviteiten.

In psycholooch hat de man ûndersocht en him fermindere tarekkenber ferklearre. De rjochtbank hat dat oardiel oernommen. De man waard dêrom ta 18 moannen feroardiele, dêr't 12 fan ûnder betingst binne. De Snitser krige boppedat in meldplicht en in ambulante behanneling oplein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)