Wrâldferneamde keunstner emosjoneel troch Allegoaryske Optocht Sint-Nyk

05 sep 2019 - 14:53

De wrâldferneamde keunstner Harry Arling út Grinslân wie ferbjustere doe't er it einresultaat seach fan ien fan de fersierde weinen by de allegoaryske optocht yn Sint-Nyk. Ien fan de weinen, dy fan de fûgeldobbe, is basearre op it wurk fan de keunstner. Arling makket sciencefiction-keunst en wie koartlyn noch yn Tokio om syn wurk sjen te litten. De keunstner stie perpleks fan de krekte wize wêrop't syn wurk neimakke is.

De 69e Sint-Nykster merke begjint altyd mei de Allegoaryske Optocht op de tongersdei. De merke duorret trije dagen. De optocht is net allinnich moarns, mar ek jûns te sjen. Tolve grutte en trije lytse fersierde weinen ride troch it doarp. De rûte wurdt folslein ôfsletten troch de organisaasje. Se hienen it tongersdeitemoarn noch drok mei it fuortheljen fan auto's dy't stean bleaun wiene.

Keunster Harry Arling by de fersierde wein - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De fersierde wein fan de fûgeldobbe is ynspirearre op sciencefiction-keunster Harry Arling. De bouwers namen yn maart kontakt op mei de Grinslanner om te freegjen oft se syn wurk neimeitsje mochten. "Harry Arling wie sa entûsjast dat er wol meihelpe woe mei bouwen", seit Jan Bergsma, ien fan de weinbouwers.

De keunstner holp mei, mar hie wol wat fraachtekens by it bouwurk. "Ik had nooit gedacht dat de kleine details zo mooi nagebouwd konden worden. Ik dacht: een versierde wagen met mijn werk, het zal wel."

Doe't Arling tongersdeitemoarn it einresultaat seach, wie er ferbjustere. "Het is geweldig. Dit is zo mooi. Onvoorstelbaar, ik ben er emotioneel van. Dit raakt mij", spruts de keunstner op de rûte fan de fersierde weinen.

Ien fan de fersierde weinen yn St. Nyk - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Hoewol't de organisaasje yn it foar rekken holden hat mei it minne waar, liket dat ta te fallen. "We sjogge faak op Buienradar. Wy witte net wêrom, mar altyd by de Allegoaryske Optocht bliuwt it drûch", sei foarsitter Edith Galema.

De Sint-Nykster merke duorret noch oant en mei sneon 7 septimber. De fersierde weinen binne ek tongersdeitejûn noch te sjen. Fan 20.30 oere ôf ride se troch Sint-Nyk..

Fersierde weinen stean klear yn St. Nyk - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)