Gemeente nimt dizze tongersdei beslút oer fergunning festival Eilân

05 sep 2019 - 14:21

De gemeente Skylge nimt dizze tongersdei in beslút oer de fergunningsoanfraach fan de organisaasje fan it festival Eilân. Dat is alteast de yntinsje fan it kolleezje. Boargemaster Bert Wassink hat earder tongersdei in fûl petear hân mei de beswiermakkers.

Hjoed beslút oer Eilân

As de gemeente beslút in fergunning te ferlienen oan it festival, dan stappe de beswiermakkers nei de rjochter. Sy binne fûl tsjin it festival en hoopje dat de gemeente dan ek gjin fergunning ferliene sil.

"Pittig overleg"

"Het was een pittig overleg", fertelt boargemaster Bert Wassink. "De mensen die in de raadszaal zaten zijn fel tegen het organiseren van het festival en dat hebben ze op allerlei mogelijke manieren doen blijken."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De boargemaster hat net besocht de miening fan de beswiermakkers te feroarjen. "We zijn niet zo naïef geweest om ze proberen over te halen. We hebben ze uitgelegd wat onze positie is. Wij willen gewoon zorgvuldig deze procedures afhandelen. Maar dat is niet het antwoord wat zij willen horen. Zij willen dat het niet doorgaat."

Op dit stuit wurdt der noch hieltyd yngreven oerlis fierd. "Vorige week is er door de voorzieningenrechter een aantal bezwaren op tafel gelegd. De initiatiefnemer heeft daar van alles aan gedaan, daar wordt op dit moment naar gekeken. De intentie is om donderdag met een besluit te komen. Ik hoop dat we de raad vanavond als eerste kunnen informeren. We zijn ons terdege bewust dat de tijd dringt."

Gerrit Jan Moes

Gerrit-Jan Moes fan de festivalorganisaasje wurket yntusken oan ûnderdielen fan in poadium yn in loads. "Je moet wel, anders ga je jezelf tegenkomen."

Hy sit noch oeren yn spanning. "Het is nu gewoon afwachten, het kan nog alle kanten op", seit er. "Het idiote is dat drie jaar voorbereiding nu een kwestie van uren is. Dat is raar."

Dochs hâldt er noch wol wat fertrouwen. "Ik ben nog steeds positief. En als het niet doorgaat, dat kan ook. Het zou hartstikke zuur zijn, maar dat is dan niet anders."

Gerrit-Jan Moes - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)