Nederlân krijt tik op fingers oer stipe Fryske taal en identiteit

05 sep 2019 - 12:56

Nederlân moat mear dwaan om Fryslân te helpen om de Fryske identiteit en taal te befoarderjen, benammen yn it ûnderwiis. Mei dy oanbefelling komt it advyskomitee fan de Ried fan Europa. It giet wol better mei de Fryske identiteit en taal, mar foar fierdere ûntwikkeling is mear stipe fan de nasjonale oerheid nedich.

Foto: Omrop Fryslânm, Jeroen Boersma

De Ried fan Europa wie ferline jier op besite yn Fryslân om te hifkjen oft Nederlân it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden wol goed neilibbet. Neffens de Ried is der romte foar ferbettering. It rapport fan de Ried fan Europa en de reaksje fan it Nederlânske kabinet binne tongersdei iepenbier makke.

De provinsje Fryslân hat de ambysje om it tal minsken dat de Fryske taal prate, lêze en skriuwe kin grutter te meitsjen. Mar der binne net genôch dosinten Frysk. Stipe fan de Ynspeksje fan it Underwiis en ynvestearringen yn de learare-oplieding binne krúsjaal, seit it advyskomitee.

Omrop is fan grut belang

Omrop Fryslân is as ûnôfhinklike omrop fan grut belang foar de promoasje fan de Fryske taal, mar de posysje bliuwt 'kwetsber', omdat publike útstjoeringen yn de Fryske taal net fêstlein binne yn de wet.

Dêrnjonken moat der mear dien wurde om de sichtberens fan de Fryske taal yn de iepenbiere romte te fergrutsjen, bygelyks troch it Frysk stelselmjittich te brûken foar topografyske oantsjuttingen of foar opskriften op iepenbiere gebouwen yn Frysktalige gemeenten.

Regearing: gjin soargen

Yn in reaksje seit de regearing dat der gjin reden is foar soargen oer Omrop Fryslân. Wat it oplieden fan dosinten Frysk oanbelanget moat noch fêstlein wurde hokker betingsten dêroan steld wurde moatte. De ûnderwiisynspeksje sil 'op stimulearjende wize' omtinken jaan oan de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis, fersekeret de regearing.

Mei it rapport oer it Ramtferdrach is Nederlân noch net fan de Ried fan Europa ôf. De kommende hjerst komt de Committee of Experts fan de Ried nei Nederlân om de neilibbing fan it Europeesk Hânfêst foar de regionale en minderheidstalen te kontrolearjen. Dat ferdrach giet net allinnich oer it Frysk, mar ek oer de oare minderheidstalen Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en Sinty en Roma. Beide ferdraggen wurde ien kear yn de fiif jier kontrolearre, mei op healwei in evaluaasjemomint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)