BBC-programma Masterchef op besite by Fryske ielrikker

05 sep 2019 - 12:25

Ielrikker Bas Oosterbaan fan Koudum komt yn de maitiid fan 2020 yn it populêre BBC-programma Masterchef. De telefyzjeploech wie foar opnamen yn Amsterdam om in reportaazje te meitsjen oer it ielrikjen yn de boat fan Oosterbaan.

Foto: Bas Oosterbaan

Oosterbaan fart as 'De Friese Palingroker' mei syn boat troch de Amsterdamske grêften. Hy is de iennige parlefinker dy't noch bestiet yn Amsterdam.

Masterchef-presintator Gregg Wallace wie nijsgjirrich. Rikke iel is yn Ingelân net bekend en dus socht er Oosterbaan op om mear te witten te kommen.

Bas Oosterbaan oer Masterchef

(Advertinsje)
(Advertinsje)