Jenny Douwes: "Boargemaster hat bern by yntocht yn Dokkum bewust yn gefaar brocht"

05 sep 2019 - 12:03

Boargemaster Waanders hat yn har funksje as boargemaster fan Dongeradiel de bern yn Dokkum by de nasjonale yntocht fan Sinteklaas yn 2017 bewust yn gefaar brocht. Dat sei Jenny Douwes, wurdfierder fan de 'blokkearfriezen' woansdeitejûn yn de earste ôflevering fan it nije seizoen IepenUP Live.

Waanders wie net goed ynformearre oer it werklike doel fan de aksjefierders fan Kick Out Zwarte Piet en wie nayf doe't se in demonstraasje tsjin Swarte Pyt goedkarde. Boppedat stjoerde de boargemaster bewust ferkearde ynformaasje nei bûten ta, dy't alle partijen yn betizing brocht.

Noch hieltyd efter blokkade

Douwes stiet ein dizze moanne yn heger berop opnij foar de rjochter. Se stiet noch hieltyd efter de blokkade omdat dêrmei de bern en it bernefeest dat de yntocht fan Sinteklaas wêze moat, beskerme waard. Dêrom akseptearret se de opleine wurkstraf fan 240 oeren ek net.

Foto: Omrop Fryslân, Lars Hoekstra

Neffens har ha de demonstranten tsjin Swarte Pyt no bewust de oanfal iepene op de Fryske nasjonaliteit en identiteit. "Dat kinne en moatte we net akseptearje en dêrom moatte wy de mûle no iepenlûke", sa sei Jenny Douwes tsjin presintator Amarins Geveke.

Takom wike

Nije wike is IepenUP Live der wer mei in hiel spesjale teäterfoarstelling. Yn gearwurking mei Oerol presintearje de Stichting Nieuwe Helden, Arsenaal en het Zuidelijk Toneel de foarstelling 'In search of Democracy 3.0'.

IepenUP Live is fan woansdei 4 septimber ôf alle woansdeis om 20.00 oere yn it kafee fan poppoadium Neushoorn en is live online te folgjen fia Omrop Fryslân.nl, de Omrop-app en de Facebookpagina's fan IepenUP Live en Omrop Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)