Spesjaal dûkteam fan frijwilligers makket Noardseeboaiem skjin

05 sep 2019 - 12:02

In spesjaal dûkteam fan frijwilligers sil oankommende sneon op ekspedysje by de boaiem fan de Noardsee del. Njoggen dagen lang sille de betûfte dûkers ôffal fan de seeboaiem oprêde.

De dûkers helje âlde fisknetten, lead en keunstaas út de wrakken. As de frijwilligers guod út de konteners fan de MSC Zoe tsjinkomme, dan sille se dat besykje te bergjen. It team dûkt op de lokaasjes krekt bûten de farrûte dy't it kontenerskip ôflein hat.

De ekspedysje set yn Scheveningen útein en einiget op it Dútske Waadeilân Borkum. It wurdt organisearre troch de stichting Duik De Noordzee Schoon, yn gearwurking mei it Wereld Natuur Fonds en Stichting De Noordzee.

Drege omstannichheden

Yn it ekspedysjeteam sitte ûnder mear biologen, archeologen en fotografen. De frijwilligers hawwe allegearre in soad ûnderfining. It dûkwurk wurdt nammentlik ûnder drege omstannichheden útfierd op sa'n 25 oant 45 meter djipte yn kâld wetter.

Foto: Bas Kremer

Ben Stiefelhagen: in hiel soad sportskuon, klapstuoltsjes, boartersguod

(advertinsje)
(advertinsje)