De kening hat in burd, folget kommissaris Arno Brok it foarbyld?

05 sep 2019 - 11:54

Kening Willem-Alexander hat in burd. Folget syn Fryske kommissaris Arno Brok syn foarbyld? Omrop Fryslân hat twa foto's fan Brok njonken inoar set: ien mei en ien sûnder burd. Mear as tûzen minsken stimden en 54% is foar burd. Mar sjocht Brok dat wol sitten?

Foto: Omrop Fryslân

"Och heden, dit is net bêst!", is de earste reaksje fan de kommissaris yn Muzyk yn Bedriuw by Omrop Fryslân. "Binne der net bettere ûnderwerpen? It is nochal in item no."

Nochal robúst

Brok moat de foarstanners teloarstelle. "Ik fyn it burd op de foto nochal robúst", seit er. "Wat my oanbelanget is it wat in te grutte burd. Neffens my past it my net, moat ik earlik sizze. Freonen sizze dat ek, dus dan moat ik dat mar folgje."

Gjin burd dus. Brok hat dat yn it ferline ek noait hân. "Ik ha safolle hier op de tosken, dus in burd is too much."

It burd fan de kening is Brok entûsjaster oer. "Dy fyn ik hiel aardich, moat ik sizze. Mar by my wurdt it 'm net."

Arno Brok oer it burd

(advertinsje)
(advertinsje)